Plannen foar 'JOP' yn Snits

07 nov 2004 - 15:42

De gemeente Snits hat plannen foar in 'jongeren-ontmoetingsplek', in JOP, yn de wyk Lemmerweg-West. Der is op it stuit hielendal neat foar de wat âldere jeugd yn de wyk. De jongeren hingje dêrom wol om op it boartersplak oan de Boetsstrjitte. Dêr binne in skoft lyn wat boarterstastellen fernield.

De gemeente hat nei oanlieding dêrfan mei de jeugd praat om te hearren wat se graach wolle. Der is no in plan foar in JOP by it boartersplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)