Plannen foar hûzebou Droegeham

25 jul 2006 - 12:37

By de gemeente Achtkarspelen is in plan yntsjinne foar de bou fan 10 apparteminten en twa dûbele hûzen yn it sintrum fan Droegeham. De hûzen moat komme op it plak dêr't no garaazjebedriuw DAB sit. Dat bedriuw sil ferhûzje nei de Tillewei.

It gemeentebestjoer is ree om de plannen serieus te besjen, mar hat noch wol in pear beswieren. Der meie net te folle bedriuwen by de yngong fan Droegeham.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)