Plannen foar hoareka yn De Waag

14 aug 2002 - 00:00

In kofjegruthannel út Grins hat in idee om in grand-kafee yn De Waag yn Ljouwert te begjinnen. De V&D hiert it pân op it stuit.

In earder idee fan in Ljouwerter ûndernimmer foar hoareka is net goedkard troch de gemeente. Doe moast der in serre oanboud wurde en dat mocht net. De kofjegruthannel liket tefreden te wêzen mei it gebou sa't it der stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)