Plannen foar besteging UPC-jild

09 mrt 2005 - 15:00

Smellingerlân moat it UPC-jild stekke yn in kultuerfestival, fergese skûtelantennes foar minima of yn teater De Lawei. Dy plannen kamen tiisdei nei foaren op in gearkomste fan de riedsfraksjes.

Smellingerlân krijt 760.000 euro fan de kabeleksploitant foar in taryfsferheging dy't net ôfpraat wie. De riedsfraksjes moatte noch beslute hokker plan útfierd wurdt. Se wolle earst mei in mienskiplike notysje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)