Plannen driuwende wenten oanpast

08 feb 2005 - 15:37

It plan mei de driuwende wenten yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren is foar in grut part fan de baan. Yn de wyk soenen 31 wetterwenten komme, mar dat is werombrocht nei tusken de 6 en 14.

Foar de measte minsken de priis -fanôf 320.000 euro- te heech. Ek is it feit dat de auto sa'n 150 meter fan it hûs ôf parkeard wurde moat in probleem. De sintrale steiger, dêr't de wenten oan boud wurde soene, is yn de plannen ferfongen troch in "gewoane" dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)