Plannen doarpsmûnen trochsette

29 okt 2014 - 12:18

It wurk oan de tsien inisjativen foar nije doarpsmûnen yn Fryslân giet gewoan troch. Ek no't Deputearre Steaten eins allinnich romte jouwe foar wynmûnen yn of by de Iselmar, dy't de 530 megawatt leverje moatte, sa't tasein is oan it ryk. Neffens de Koninklijke Nederlandsche Heidemaatschappij falt de provinsje hjirmei werom op in plan dêr't earder 1300 beswieren op kamen.

De Heidemij tinkt dat der dêrom noch kânsen binne foar de doarpsmûnen en dat de provinsjale polityk noch op oare gedachten brocht wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)