Plannen Broeretsjerke Boalsert

12 apr 2005 - 07:41

It ûntwerp foar de oerkaping fan de Broeretsjerke yn Boalsert is klear. De 14de-ieuske tsjerke gie yn 1980 troch brân foar in grut part ferlern. Der wurdt al mear as tsien jier wurke oan in plan foar restauraasje en de oerkaping. De operaasje kostet sa'n trije miljoen euro. It wurk moat takom simmer klear wêze.

De Broeretsjerke is foaral ferneamd troch de jierlikse kryststâl. Der soene ek oare eveneminten hâlden wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)