Plannen brede skoallen útsteld

09 nov 2008 - 12:54

De plannen foar brede skoallen yn Lippenhuzen, Lúkswâld en Sigerswâld wurde foarearst op in leech pitsje set. Dat hat de gemeente Opsterlân besletten. De gemeente is dwaande mei in ynventarisaasje fan wat foar needsaaklike akkomodaasjes der yn de doarpen yn hiel Opsterlân komme moatte.

As no al tasein wurdt dat Lippenhuzen, Lúkswâld en Sigerswâld har plannen trochsette kinne, soe dat it ûndersyk nei it ferlet fan de doarpen bot yn it paad sitte, seit de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)