Plannen âlde gemeentehûs Menaam

16 nov 2003 - 00:00

De gemeente Menameradiel set meikoarten út ein mei it meitsjen fan konkrete plannen foar de restauraasje fan it âlde diel fan it gemeentehûs. Mei dy restauraasje soe oer twa jier begûn wurde moatte.

De funksje fan it âlde gebou feroaret as de nijbou klear is. Neffens B&W is it goed om no al fêst nei te tinken oer de ynrjochting fan it âlde gebou. Dat sil noch brûkt wurde foar bygelyks riedsgearkomsten en trouwerijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)