Planksiler ferdronken op Iselmar

22 okt 2000 - 19:06

By de sluzen fan Koarnwerdersân is sneon it lichem fan in ferdronken surfer fûn. De kustwacht starte freed in wiidweidige sykaksje nei't by Makkum in planke sûnder siler sjoen wie.

Letter melde in Dútse toerist dat syn freon net weromkommen wie fan it surfen. Fiif rêdingsboaten en in helikopter mei ynfraread-apparatuer hawwe it gebiet tusken Hylpen de Ofslútdyk ôfsocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)