Planetarium Frjentsjer wol foar tonnen útwreidzje

07 nov 2014 - 12:23

It Planetarium yn Frjentsjer wol tonnen ynvestearje yn de útwreiding fan it museum. Doel is om it leechsteande gebou njonken it Planetarium te keapjen. Der is in foarlopich keapkontrakt tekene. De finânsjes binne noch net hielendal rûn. De kosten wurde rûsd op 770.000 euro. Der is 2 ton oan de gemeente frege en it oare part moat fan fûnsen komme. As de plannen trochgean dan komt de yngong fan it museum, de hoareka, it kantoar en de edukative romte yn it nije gebou. Hjir siet eartiids in bakker yn.

Der komme no jierliks 45.000 besikers. It Planetarium tinkt dat dit oantal yn de nije situaasje ferdûbelje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)