Planetarium folget Kuipers

21 des 2011 - 14:03

Yn it Eise Eisinga-planetarium yn Frjentsjer wachtsje se mei spanning de lansearring fan de Nederlânske astronaut André Kuipers ôf. Hy wurdt woansdeitemiddei om kertier oer twaen op in steppe yn Kazachstan mei in raket de loft yn sketten. Eindoel fan de reis is romtestasjon ISS. De raket is mei súkses yn in baan om de ierde brocht en dêrmei is de lansearring slagge.

Kuipers giet foar de twadde kear nei it ISS. No bliuwt er dêr seis moanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)