Plan wynmûnepark boppe Skier

10 nov 2009 - 17:11
  • Provinsjaal plan foar wynmûnepark op see

De provinsje Fryslân hat plannen foar in wynmûnepark op see. Dat soe 50 km noardlik fan Skiermûntseach komme moatte. Amtners hawwe yntusken gesprekken oer it park hân mei de Dútske wynmûnebouwer BARD.

It bedriuw hat in foarriedige fergunning foar de bou fan trije wynmûneparken. De ferwachting is dat de fergunnings noch dit jier definityf wurde. De turbines sille fan it strân ôf net te sjen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)