Plan wettersport Waadgebiet

12 jan 2013 - 11:57
  • De Nije Willemskade yn Harns

Der moat 10 oant 20 miljoen euro ynvestearre wurde yn de wettersport yn it Waadgebiet. De Frisian Yacht Club út Harns hat dêr in plan foar makke, dat foaral jongeren entûsjast meitsje moat foar it silen op de Waadsee. Harns en omkriten moat in topbestimming wurde foar wettersporters. Dêrfoar is it ûnder oare nedich dat der yn de Willemshaven yn Harns mear fasiliteiten komme. Dan giet it bygelyks om nije oanlisplakken, boathellingen, stegers en gebouwen foar sylskoallen. Fierder moat der in grutter strân en in beachclub komme.

Om de plannen mooglik te meitsjen siket de Frisian Yacht Club gearwurking mei bedriuwen, ynstellingen en de oerheid. De steatefraksje fan Friese Koers fynt dat de provinsje 5 miljoen meibetelje moat oan de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)