Plan wetterskibaan Appelskea

30 nov 2012 - 11:43
  • Appelskea

Yn Appelskea komt mooglik in wetterskibaan. It idee komt fan bedriuw De Jongens van Outdoor út Appelskea. De baan wurdt 800 meter lang. Ek is der romte foar in strân. Yn septimber gie de ried fan Eaststellingwerf akkoart mei it idee.

Op in gearkomste fan de gemeente oer de plannen wiene hast twahûndert belangstellenden oanwêzich. It kin noch in oantal jierren duorje foar't de baan boud wurde kin. Dat komt om't it sân dat fuorthelle wurde moat, brûkt wurde sil foar de oanlis fan de N381, de dyk fan Drachten nei de Dútske grins. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)