Plan wenweinkamp min bekend

20 feb 2004 - 00:00

Bewenners fan de wyk Achter de Hoven binne min ynformearre oer plannen foar in wenweinkamp by har yn de wyk. Dat die tongersdei bliken op in jûn oer dat wenweinkamp dat de gemeente graach ha wol oan de Potmarge.

In 20 direkte omwenners dy't wol op 'e hichte binne, binne der poer op tsjin. De wyk hat al genôch ellinde hân mei û.o. de sloop fan de Vegelinstrjitten en it Atoglasfabryk. FNP en VVD wolle no in twadde ynformaasjejûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)