Plan tsjin krimp skoallen

06 feb 2009 - 15:56

De basisskoallen yn Smellingerlân wolle mei de gemeente in strategysk plan meitsje om de ferwachte krimp fan it tal learlingen op te fangen. Ut prognoases fan bygelyks de wenningbou en befolkingsgroei foar de kommende fiif oant tsien jier, wurdt dúdlik dat it tal bern op skoallen yn benammen de lytsere doarpen ôfnimme sil.

Hjirmei moat neffens de skoalbestjoeren rekken hâlden wurde, bygelyks by de bou fan nije skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)