Plan tsjin keal tsjerkhôf

06 aug 2009 - 20:54
  • Landschapsbeheer wol it grien behâlde

Landschapsbeheer Friesland komt mei in plan om foar te kommen dat karakteristike beammen en oar grien ferdwine fan tsjerkhôven en begraafplakken yn Fryslân. Mei subsydzje kinne de kommende 3 jier 30 plakken opknapt wurde.

Landschapsbeheer makket earst in plan en hat ek provinsjale subsydzje krigen foar it útfieren. Der komt ek in kursus foar behearders. Dy witte nei de kursus better hoe't se belangrike beammen fersoargje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)