Plan trochstart stoomtrein

29 nov 2011 - 20:37

In groep Snitser ûndernimmers is dwaande jild yn te sammeljen foar in trochstart fan de Friese Stoomtreinmaatschappij. Oft de trochstart kâns fan slagjen hat, is noch in grutte fraach, seit kurator Robert Verdonk. Om in trochstart te realisearjen, moatte de Snitser ûndernimmers in pear miljoen euro ophelje.

De Friese Stoomtreinmaatskippij hie in skuld tusken de oardel en twa miljoen euro. De provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe ek sa'n bedrach yn it projekt ynvestearre. Kurator Verdonk hat tiisdeitemiddei besletten de stoomlokomotyf dy't de stichting hierde, werom te stjoeren nei de eigner yn Switserlân. De lokomotyf stiet op it stuit noch opslein yn Stadskanaal, mar dat wurdt te djoer. Kurator Verdonk rûst de kosten fan de hier fan 'e lokomotyf op 10.000 euro yn de moanne. Verdonk wol op koarte termyn dúdlikens oer in trochstart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)