Plan Thialf twa kear sa djoer

06 nov 2012 - 19:39
  • Thialf nei fernijbou op hjoeddeistige lokaasje

De provinsjale bydrage oan de fernijing fan Thialf wurdt mear as twa kear sa grut. Deputearre Hans Konst makke tiisdeitejûn bekend dat it fernijbouplan mear as twa kear sa djoer wurdt as de steaten yn febrewaris besletten hiene: 106 yn stee fan 50 miljoen euro. Dêrfan moat net 20 miljoen euro mar 50 miljoen euro by de provinsje wei komme.

Mei it nije plan is Thialf foar de kommende 25 jier by de tiid. It nije Thialf krijt twa iisbanen. Reedrydbûn KNSB stipet de plannen.
Neist de provinsjale bydrage is noch 56 miljoen nedich.

De provinsje wol dat it Ryk en merkpartijen dat bedrach op it kleed lizze. Fan it totaalbedrach fan 106 miljoen is 45 miljoen foar de fernijbou en 35 miljoen foar de treningsbaan. 26 miljoen is ornearre as ekstra ynvestearring om de baan sa enerzjysunich te meitsjen en reedrydtechnysk optimaal te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)