Plan Thalenpark falt goed

18 mrt 2010 - 22:23

Nei in soad striid en ynsprekjûnen leit der no in plan foar it Thalenpark yn Drachten, dêr't de measte omwenners goed oer te sprekken binne. Dat die tongersdeitejûn bliken op in ynrinjûn fan de gemeente Smellingerlân.

De gemeente hat in miljoen euro útlutsen foar de opknapbeurt. De hjoeddeistige struktuer fan it plan bliuwt, mar der wurdt noch wol ien en oar oan taheakke lykas muzykpoadia en in wetterfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)