Plan Stevenshoek kin fan start

04 aug 2014 - 14:45
  • It bouplan Stevenshoek

De bou fan 13 apparteminten en in hoarekasaak oan de Stevenshoek yn Langwar kin trochgean. Der wienen beswieren tsjin de plannen op it plak fan it eardere hotel De Wielen. Nei oerlis tusken de gemeente De Fryske Marren, de projektûntwikkelder en de ynwenners binne dizze plannen ynlutsen.

It gebou is in stik nei achteren ferpleatst en de ynstekhaven is nei de sydkant fan it gebou ferhûze. Ek wurdt it kompleks minder grut. Om it dochs betelber te hâlden, komt der gjin parkeargaraazje, mar parkearboksen en carports.

Begjin july waard de nije bûlevaar lâns de Stevenshoek iepene. De gemeente en de provinsje hawwe der tegearre goed 900.000 euro ynstutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)