Plan reuzeturbines Muntsjesyl

25 feb 2010 - 14:41

Yn it doarp Muntsjesyl en omkriten is twaspjalt oer it pleatsen fan grutte wynturbines. Boeren en grûneigners wolle tusken it doarp en Lauwerssyl yn Grinslân fiif wynmûnen delsette litte. De turbines binne heger as 100 meter.

In mearderheid fan de ynwenners fan Muntsjesyl moat neat fan it plan hawwe, sa docht bliken út in enkête. De provinsje Fryslân hat it lêste wurd oer de nije wynmûnen, Yn maart falt it beslút oft de plannen foar de turbines trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)