Plan pontsje beoardiele

14 jun 2009 - 10:41

De wolstânskommisje fan Frjentsjerteradiel bûcht him moandei oer de bou fan in steger by Sweins. Dy is bedoeld foar it pontsje, dat de Stichting Keimpetille Pontsje farre litte wol tusken Dronryp en Sweins.

It plan foar de pont is der al folle langer, mar ûnder oare troch beswieren fan omwenners rûn de útfiering fertraging op. It jild foar dy útfiering is al wol binnen. It pontsje is bedoeld foar kuierders en fytsers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)