Plan Peinder Mieden kin troch

13 jun 2014 - 10:26
  • De Peinder Mieden

Keapersferiening De Peinder Mieden hat genôch leden om troch te gean mei de ûntwikkeling fan it wen- en natuergebiet by De Pein. Tongersdei hat it fyftjinde lid syn hanteken set. Reden foar de Peinder Mieden om sneon in yntinsje-oerienkomst mei de gemeente Smellingerlân te tekenjen. Dit betsjut dat de plannen fierder útwurke wurde.

De Peinder Mieden is in wenplan fan sa'n 90 bunder natuer tusken De Pein en Drachten. Der wurde op syn meast 45 enerzjyneutrale wenten boud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)