Plan Oude Willem presintearre

28 aug 2014 - 17:22

Nijsgjirrige ynwenners fan Appelskea koene tongersdeitemiddei telâne yn herberch Het Volle Leven, dêr't de plannen foar lânbougebiet de Oude Willem presintearre waarden. It doel is om de Oude Willem as natoergebiet yn te rjochtsjen. Sa moat de wetterstân omheech brocht wurde sadat der petgatten en heide ûntstean kinne. In mar moat boppedat fûgelsoarten lûke dy't troch Natura 2000 beskerme wurde.

De Oude Willem leit yn nasjonaal park it Drents-Friese Wold en makket diel út fan de ekologyske haadstruktuer.

It lânbougebiet is goed 450 hektare grut. Dêrfan leit sa'n 250 hektare yn de provinsje Drinte en 200 hektare yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)