Plan om tsjerken te behâlden

28 apr 2010 - 10:19

Der moat in seleksje komme fan Fryske tsjerken dy't behâlden wurde moatte. It giet om tsjerken dy't net mear brûkt wurde foar tsjinsten. Troch dy kar kin bepaald wurde watfoar tsjerken de measte stipe fertsjinje.

It plan is ien fan de oanbefellings fan in wurkgroep om Fryske tsjerken te behâlden. Dy oanbefellings binne woansdei oanbean oan de provinsje. De provinsje bepraat meikoarten wat der mei de oanbefellings dien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)