Plan om talúds Harns om te bouwen ta rekreaasjeterrein

15 aug 2015 - 13:39

De talúds fan de N31 troch Harns moatte nei de oanlis fan de nije dyk stean bliuwe. Harnzer Frank Swinkels wol op de hege punten fan de dyk in soart fan rekreaasjeterrein oanlizze mei fyts-en kuierpaden. Swinkels hat it idee út New York. Dêr is in acht meter heech treinspoar omtsjoend ta grienstrook mei terrassen en kuierpaden.

Swinkels tinkt dat goed 1,5 kilometer dyk stean bliuwe kin om mei oare fytspaden te ferbinen. De polityk liket it plan aardich te finen. Twa fan de trije wethâlders wiene neffens Swinkels entûsjast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)