Plan om skurft tsjin te gean

16 jul 2003 - 00:00

Boer Dankert fan Seisbierrum hat wat betocht om skurft út poatjirpels te hâlden. Om't jirpels net bereind wurde meie, is de grûn te droech en kin skurft ûntstean. Neffens Dankert kinne de jirpels better teeld wurde op brede stroken, saneamde bêden.

Jirpels groeie oars yn smellere stroken saneamde rêgen. Yn bêden wurdt it focht langer fêstholden. By in ynformaasjejûn yn Seisbierrum hiene in soad boeren belangstelling foar it nije prosedee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)