Plan om 'Geschiedenis van Dokkum' wer út te bringen

30 apr 2015 - 12:25
  • In pear siden út it skiednisboek 'Geschiedenis van Dokkum'

De Stichting Historia Doccumensis, Drukkerij Douma en útjouwerij Wijdemeer binne útein set mei in yntekenaksje om it boek 'Geschiedenis van Dokkum' op 'e nij út te bringen. It skiednisboek is al sûnt 2004 útferkocht, mar de inisjatyfnimmers wolle no dat it mei in werprintinge wer beskikber komt. Om it boek printsje te kinnen binne op syn minst 500 minsken nedich dy't yntekenje.

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel hat dit as earste dien. De yntekenaksje stiet iepen oant en mei ein juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)