Plan oanpak fan boaiemdelgong

18 jul 2012 - 11:44
  • Underwetterdrone (argyffoto)

De provinsje komt mei in definitive oanpak foar de boaiemdelgong yn it feangreidegebiet. Troch in lege wetterstân sakket yn it midden en súdwesten fan Fryslân de feangrûn yn. Dat hat ûnder gefolgen foar fundearringen fan hûzen en foar de wetterstân. Oant no ta binne de problemen los fan elkoar oanpakt, de provinsje wol no yn oerlis mei it wetterskip en de bewenners mei in totaalplan komme. Dat plan moat oer in pear jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)