Plan nije akkommodaasje Koudum

03 mrt 2012 - 10:44

Yn Koudum binne plannen foar in multyfunksjoneel sintrum. Omdat twa basisskoallen yn it doarp nijbouplannen hawwe foar de kommende jierren wurdt der no oer praat om dy beide skoallen yn ien gebou ûnder te bringen.

In multyfunksjoneel sintrum moat komme op it plak dêr't no de kristlike basisskoalle It Grovestinshôf stiet. Dat terrein hat in oerflakte fan sa'n 6000 kante meter en dat is neffens de inisjatyfnimmers mear as genôch. Der is neist de skoallen ek romte foar oare partijen.

Pleatslik Belang Koudum sil op syk nei organisaasjes dy't dêr yn ynteressearre binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)