Plan museumhaven falt net goed

10 sep 2003 - 00:00

De plannen foar in museumhaven oan de Willemskade yn Ljouwert falle net sa goed by de skippers dy't dêr no mei in wenboat lizze. Dat die tiisdeitejûn bliken op in ynformaasjejûn yn de binnenstêd.

Njonken de komst fan monumintale skippen yn de grêften, sil ek de kaai sels oanpakt wurde. Sa komt der in brede bûlevaar by it wetter del. Foar de bewenners fan de skippen dy't der no lizze betsjut it dat se ferhúzje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)