Plan Ljouwert 2018 net klear

09 mrt 2012 - 10:51

It projektplan fan Ljouwert 2018 yn de striid om Kulturele Haadstêd fan 2018 te wurden is noch net klear. It plan wie wol in belangrike betingst by it beskikber stellen fan it provinsjale tariedingskredyt fan 800.000 euro yn desimber.

Dat plan sil der begjin april lizze, fertelde projektlieder Jocco Eijssen fan de gemeente tongersdei op in diskusjebyienkomst oer de Kulturele Haadstêd. De kulturele haadstêd kin foarearst foarút mei it jild dat yn desimber beskiker steld waard.

De organisaasje fan Ljouwert/Leeuwarden 2018 wol it konsept-bidbook foar de simmer klear hawwe. De deadline foar it yntsjinjen fan it bidbook is 1 oktober. De VVD yn provinsjale steaten fernuveret him deroer dat de gemeente Ljouwert noch gjin útwurke projektplan hat, wylst earder tasein waard dat gemeente en steaten yn maart fierder prate soene oer de Kulturele Haadstêd.

Op de diskusjejûn yn de Blokhúspoarte wie tongersdei op 'e nij in soad krityk te hearren op de organisaasje fan Ljouwert/Leeuwarden 2018. De jûn wie bedoeld om draachflak te kreëarjen en dúdlikheid te jaan, mar dat like tongersdeitejûn noch net hielendal goed te slagjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)