'Plan Krol ferkiezingsretoryk'

22 feb 2006 - 10:39

It foarstel fan wethâlder Krol fan Ljouwert foar in ekonomysk platfoarm liket op ferkiezingsretoryk. Dat fynt de PvdA yn Ljouwert. Yn de fragen dy't de PvdA oan it kolleezje stelt, wurdt de reaksje fan direkteur Eric Jansen fan de Keamer fan Keaphannel neamd.

Dy seit dat sa'n ekonomysk platfoarm al lang bestiet. Undernimmers ha yn dat platfoarm geregeld kontakt mei de gemeente, bygelyks om sa mei inoar wat oan de wurkleazens te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)