Plan hûzen by Broek oanpast

18 mrt 2009 - 14:15
  • hjir soene de hûzen komme moatte
  • tsjin it earste plan wiene protesten

Der komme mooglik dochs trije lúkse hûzen by Broek by De Jouwer. Tsjin dy plannen wie earder in soad ferset, mar inisjatyfnimmer Klaas_Kloosterman hat de plannen oanpast. It sicht op Broek bliuwt frij om't de hûzen leger wurde. Se komme net op in ferheging en der komt gjin bosk om hinne. Dat stie wol yn it earste plan. Tsjinstanners fûnen dat it lânskip oantaaste waard.

Neffens Kloosterman fine de tsjinstanners de nije plannen wol akseptabel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)