Plan Holwerterfeart wer skrast

02 jun 2009 - 23:10
  • Holwert bliuwt ûnberikber foar lytse jachten

Holwert bliuwt ûnberikber foar lytse jachtjes en sylboaten. De ienige tagong de Holwerterfeart wurdt nammentlik foarearst net útbaggere, sa hat de ried fan Dongeradiel tiisdei besletten.

It is in lang koestere winsk fan de ynwenners fan it doarp om de feart wer op djipte te bringen. It soe in goede ympuls wêze foar it toerisme. Mar it jild dat nedich is goed 8 ton kin de gemeente net misse. En dus giet it plan foarearst yn de koelkast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)