Plan hegeskoallen foar ekonomy

17 mrt 2010 - 12:33

De fjouwer Noardlike hegeskoallen wolle 80 miljoen euro ynvestearje om de ekonomy yn Noard-Nederlân sterker te meitsjen. It hiele plan kostet 110 miljoen.

De NHL, Stenden, Van Hall Larenstein en de Hanzehegeskoalle yn Grins wolle in breed en kwalitatyf goed pakket fan ûnderwiis en ûndersyk oanbiede. It plan wurdt woansdei yn Grins oanbean oan de direkteur-generaal fan it ministearje fan ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)