Plan Harkema moat trochgean

18 nov 2009 - 17:12

Pleatslik Belang Harkema en de winkelljuferiening prate tiisdei oer it sintrumplan. WoonFriesland is út it plan fan 12 miljoen euro stapt.

Nei jierren praten komme der foarearst gjin nije huzen en winkels yn it sintrum. Dochs wolle de partijen graach fierder mei it plan om't bygelyks de winkelgebouwen al mear as fjirtich jier âld binne. Mooglik is der in oare partij te finen dy't meiwurkje wol oan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)