Plan gemaal De Welle ôfstimd

23 apr 2003 - 00:00

It gemaal De Welle by Haskerdiken wurdt net brûkt om de wetterbehearsing yn de streek by Sint Jansgea oan te pakken. Dat ha de folmachten fan it wetterskip Boarn en Klif besletten.

It bestjoer fan it wetterskip hie foarsteld om it gemaal op te knappen en de kapasiteit grutter te meitsjen om problemen mei wetteroerlêst oan te pakken. It gemaal De Welle stiet al op de nominaasje om opknapt te wurden. Mar der moat no in nij plan komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)