Plan foar wynmûnen Waadgebiet

23 feb 2014 - 13:40
  • Wynmûne

De Waadferiening wol dat der ien plan komt foar alle wynmûnen yn it Waadgebiet. Dat hawwe de leden fan de feriening dit wykein besletten op in ekstra ledegearkomste. De Waadferiening makket him soargen oer de romtlike ynfloed fan wynmûnen op it waadlânskip.

En dêrom is in mienskiplike oanpak fan de opwekking fan wynenerzjy needsaaklik. Op dit stuit folje de provinsjes dat noch apart fan elkoar yn. Om it idee stal te jaan, sil kontakt socht wurde mei alle belutsen partijen sa as provinsjes, gemeenten, natuerorganisaasjes en it ryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)