Plan foar ûndertiteling Hjoed

11 jul 2008 - 12:16
  • Undertiteling op www.doventv.nl

Omrop Fryslân is yn petear mei Doven TV oer it ûndertiteljen fan Hjoed mei yngong fan novimber. Doven TV ûndertitelt programma's fan ferskate regionale omroppen op ynternet.

Doven TV wol de service de kommende hjerst útwreidzje mei ûndertiteling op teletekst. It is it doel dat de ûndertiteling fan Hjoed dan fan 20.00 oere ôf beskikber komt op side 888 fan teletekst. It programma wurdt ûndertitele yn it Nederlânsk, omdat in soad dôven net goed Frysk lêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)