Plan foar tunnel by Starteilân

17 aug 2013 - 12:27
  • Starteilân
  • Starteilân
  • Pont Starteilân

De Koninklijke Watersport Vereniging Sneek hellet de plannen foar in tunnel nei it Starteilân yn de Snitsermar út de kast. De KWS kaam in pear jier lyn mei it plan foar in tunnel foar fuotgongers, fytsers en trailers mei boaten. De kosten foar sa'n foarsjenning leine om de fiif miljoen euro hinne. Dat is neffens de KWS yn dizze tiden fan krisis net mear realistysk.

De feriening wol no in goedkeapere fariant foar allinne fuotgongers oanlizze. Neffens KWS is der bot ferlet fan in tunnel omdat it feiliger is as it drokke PM-kanaal oerstekke.

De oerstek no nei it Starteilân mei in pontsje is in drompel foar in soad minsken. De helberheid fan de plannen moat noch ûndersocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)