Plan foar Tesselschadestrjitte

29 maaie 2013 - 11:46
  • De Tesselschadestrjitte yn Ljouwert

De Tesselschadestrjitte yn Ljouwert wurdt foar mear as 4 miljoen euro opknapt. It kolleezje hat akkoart jûn foar in earste ûntwerp fan it gebiet. Automobilisten ride no faak te hurd op de Tesselschadestrjitte en de strjitte kin in opknapbeurt brûke. De gemeente wol de strjitte griener en feiliger meitsje.

 Yn it plan is in asymmetryske dyk opnaam, dat soe de lûdsoerlêst bot ferminderje kinne. De ried moat noch akkoart gean mei it plan. As dat bart, kin de skeppe takom jier de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)