Plan foar referindum oer wynmûnen ôfsketten

10 des 2014 - 11:40
  • Doarpsmûne

It plan foar in referindum oer wynmûnen yn Fryslân is woansdei ôfsketten troch in lytse mearderheid fan Provinsjale Steaten. Woansdei die bliken dat der ûnfoldwaande stipe wie foar it plan om op 18 maart 2015 in referindum te hâlden ûnder de Fryske befolking oer de lokaasjekar foar nije wynmûnen. It CDA stimde foar, mar de PvdA, SP, GrienLinks, FNP, PVV en ChristenUnie wienen tsjin dit plan.

Op 17 desimber nimme de steaten no sels in definityf beslút oer wêr't de wynmûnen yn Fryslân komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)