Plan foar partikuliere finzenis

30 sep 2004 - 16:27

Befeiligingsbedriuw Schaaf fan Twellegea sil foar heal novimber in plan presintearje foar in partikuliere finzenis yn Fryslân. Direkteur Schaaf hat al in lokaasje op it each, mar wol noch net fertelle wêr't dat krekt is.

De finzenis kin der neffens Schaaf healwei 2005 al stean. Hy tinkt oan in finzenis mei seishûndert oant tûzen sellen, dy't oant op syn minst 250 minsken wurk biede kin. Ek de finansiering fan it plan is al rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)