Plan foar oantrekliker Heech

05 okt 2009 - 23:54

Op it eilân yn Heech moatte wenten komme. Ek moatte bedriuwen dy't spesjalisearre binne yn houten skippen har der fêstigje kinne. Dat stiet yn in plan dat Atelier Fryslân tegearre mei ynwenners fan Heech makke hat. It plan moat derfoar soargje dat Heech wer in echt wettersportplak wurdt.

Yn it plan stiet ek dat mear plakken oan 'e Hegemermar tagonklik wêze moatte foar kuierders. It plan waard moandei presintearre yn it doarp. Yn novimber bepraat de gemeenteried it.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)