Plan foar oandielen waadfûns

18 jan 2006 - 16:47

Piet Feddema fan Aldtsjerk hat in idee betocht foar de útjefte fan saneamde waadoandielen. De oandielen soene te keap wêze foar 100 euro it stik. Mei fiif miljoen oandielen is der dan in ektsra fûns fan 500 miljoen euro.

It doel is om de belutsenens fan de boargers by it waadgebiet te fergrutsjen. As minsken sels in oandiel keapje, krije se ek in stim oer hoe't it jild fan it waadfûns bestege wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)