Plan foar nijbou huzen Harns

15 mrt 2014 - 12:31
  • Wenningbou

Yn Harns binne konkrete plannen foar in nijbouplan fan 179 hierwenten. Dat seit Wopke Klaver fan Klaver Vastgoed bv. Dizze nije wenten moatte komme yn it plan Ludinga, dat leit oan de eastkant fan de stêd. De bedoeling is dat der in folslein nij wengebiet komt mei in parkachtige en lanlike sfear. Ek krije de hierwenten sinnepanielen. Yn Harns is in soad ferlet fan nije wenten, der binne lange wachtlisten. Klaver wol it leafst nei de simmer al úteinsette. Nei alle gedachten duorret de bou wol in tal jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)