Plan foar nij rekreaasjepark

20 nov 2006 - 13:42

Der binne plannnen foar in nij rekreaasjepark by Drachten. It giet om de bou fan in skybaan, klimmuorre en hoareka en winkels. It sintrum soe 28.000 kante meter wurde moatte, besteande út fjouwer gebouwen. Ien dêrfan mei tsien ferdjippingen heech.

De plannen binne makke troch projektûntwikkelder Kadans. Dy betellet ek it grutste diel fan de kosten. It projekt soe 38 miljoen euro kostje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)